Fiadukt Snits sit yn elkoar

15 nov 2008 - 12:32

It nije houten fiadukt oer de rûnwei fan Snits sit yn elkoar. De brêge is fan 'e moarn te plak takele. Einlik soe dat juster al gebeure mei in grutte kraan, mar dat slagge doe net.

Foar dy kranen wiene ekstra kontragewichten nedich en dy koene pas letter op de dei brocht wurde. Doe wie de dei al te fierhinne om it wurk foar tsjuster ôf te meitsjen. It fiadukt is 20 meter heech en 40 meter lang. Oer twa wike wurdt it op it úteinlike plak tusken Snits en de wyk Dúnterpen delset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)