Epke Zonderland yn finale rek

14 nov 2008 - 22:17
Epke Zonderland (foto: Martin de Jong)

Turner Epke Zonderland hat him freed by de wrâldbekerwedstriden turnjen yn Stuttgart pleatst foar de tastelfinale oan it rek. Mei in skoare fan 15,275 punten yn de kwalifikaasje waard hy sechsde. De Dútser Fabian Hambüchen hie mei 16,200 punten de heechste wurdearring.

Ek Yuri van Gelder (ringen), Jeffrey Wammes (sprong) en Sanne Wevers (balke en brêge) einigen by de bêste acht en hellen sadwaande de finale.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)