Nij Vreewyk iepene

14 nov 2008 - 21:30

Hotel Vreewyk by Drachten is fuort, mar freed is it nije Vreewyk iepene. Dit kear giet it lykwols om in gebouwekompleks mei 34 apparteminten. It gebou stiet op itselfde plak as it eartiidse hotel Vreewyk, dat in pear jier ferlyn ôfbrutsen is.

De gevel fan it nije gebou is safolle mooglik yn de styl fan it âlde Vreewijk boud. De bysûndere Roodbaarttún sil ek wer yn de oarspronklike styl werombrocht wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)