Houten brêge Snits net pleatst

14 nov 2008 - 17:16

De nije houten brêge yn de súdlike rûnwei fan Snits wurdt it earste houten fiadukt fan ús lân. De brêge wurdt 20 meter heech en 40 meter breed. Freed soene mei seis grutte kranen de houten sydkanten fan goed 150 ton ynelkoar takele wurde.

De oannimmer wie lykwols benaud dat de kranen de konstruksje net tille koene. It wurk is stillein en der bnne ekstra gewichten foar de kraan helle. Sneon om 7 oere wurdt opnij besocht de brêge ynelkoar te setten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)