Woansdei ûnderwiisstaking

14 nov 2008 - 15:04
Woansdei staking om nije CAO

De stakings yn it fuortset ûnderwiis kommende woansdei gean definityf troch. In lêste oerlis tusken de fakbûnen en de wurkjouwers yn it ûnderwiis is freed op neat útrûn. Fakbûn AOb ferwachtet neat mear fan in folgjend oerlis kommende tiisdei.

De staking fan woansdei draait om de nije CAO yn it ûnderwiis. Neffens it AOb wurde de ûnderhannelings ûnnedich fertrage. Ek yn Fryslân sille de stakings neffens it AOb te fernimmen wêze.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)