Wyk posityf oer Vogelaar

Wykpanel net ûntefreden oer Vogelaar
De tongersdei ôftreden minister Vogelaar hat goed wurk dien yn Ljouwert. Dat fynt it wykpanel fan Skieringen-Heechterp. Dizze wyk is ien fan de 40 wiken dêr't de minister yn ynvestearje woe. Vogelaar hat sels yn de wyk west en hat besocht de ûnderskate problemen oan te pakken.
Fridus van den Berg, foarsitter fan it wykpanel, is net bliid mei it ôftreden fan Vogelaar. Hy ferwachtet dat it belied net feroare wurde sil, mar miskien wol wat oanskerpe.