Start wentebou Tramkwartier

© Omrop Fryslân
It wenningbouprojekt Tramkwartier yn Ljouwert giet moandei fan start. It giet hjir om in projekt oan de westside fan it sintrum fan Ljouwert. It gehiel bestiet út 16 gesinswenten, 17 hierapparteminten, 8 keapapparteminten mei ûnder in multyfunksjoneel sintrum.
Nieuw Wonen Friesland wurdt eigner fan de hierapparteminten. De besteande gebouwen yn it gebiet binne yntusken sloopt. De keapapparteminten krije in tige enerzjysunich systeem.