Auto rydt grêft yn

14 nov 2008 - 10:35
Foto: Omrop Fryslân

Yn Frjentsjer is tongersdei op de Heerengracht in auto mei dêryn twa minsken it wetter ynriden. Dêrby rekke in 32-jierrige frou út Sint Jabik swier ferwûne. De frou is troch omstanners út it wetter helle.

De oare ynsittende, in 60-jierrige plakgenoat fan de frou, koe sels út de auto komme en rekke net ferwûne. De plysje docht noch in berop op tsjûgen, omdat de tadracht fan it ûngelok noch ûndúdlik is.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)