Thieme besiket kowerêsthûs

Partij vd Dieren wol rêsthûs helpe
Fraksjefoarsitter Marianne Thieme fan de Partij voor de Dieren sil snein in besite bringe oan it kowerêsthûs yn Sânhuzen. De besite fan Thieme stiet yn it teken fan de finansjele problemen by it kowerêsthûs.
De kosten foar ûnderhâld fan de bisten binnen in stik heger wurden en it tal stipers rint werom. De Partij voor de Dieren wol mei de eigner fan it kowerêsthûs op syk gean nei oplossings om it opfangplak iepen te hâlden.