Mear geweld tsjin plysje

© Omrop Fryslân
Plysjeminsken krije hieltyd faker te meitsjen mei geweld, bedriging en mislediging. Fjouwer op de tsien plysjeminsken ha yn de lêste tolve moanne te meitsjen hân mei geweld. Dat docht bliken út in lanlik rapport dêr't ek de sifers fan de plysje Fryslân yn meinommen binne.
It tal gefallen fan geweld tsjin de plysje skommelet yn Fryslân al in pear jier tusken de 80 en 95. It tal mishannelings nimt hjir net sa bot ta as lanlik mar wurdt wol hieltyd hurder.