SC Hearrenfean tsjin Feyenoord

13 nov 2008 - 23:09

De Sportclub Hearrenfean spilet yn de achtste finale om de KNVB beker yn Rotterdam tsjin Feyenoord. Dat wie tongersdei de útkomst fan de lotting nei ôfrin fan de wedsriid HHC Hardenberg-Feyenoord (1-5). De wedstriden tusken de sechtjin ploegen wurde spile op 20, 21 en 22 jannewaris 2009.

Opfallend is dat fuort nei de winterstop op 16 jannewaris de kompetysjewedsriid tusken Hearrenfean en Feyenoord op it programma stiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)