Kramer-Wennemars op 1500 meter

13 nov 2008 - 21:50

Sven Kramer nimt it freed by de wrâldbekerwedstriden op It Hearrenfean op de 1.500 meter op tsjin Erben Wennemars. De twa binne as lêste oan bar.

Kramer wûn ferline wike yn Berlyn de 1.500 meter, by de earste wrâldbekerwedstriden fan dit seizoen. Doe fersloech er Wennemars yn de einklassearring. De nûmers trije en fjouwer fan ferline wike, Tuitert en Kuipers, komme krekt foar Kramer en Wennemars op it iis fan Thialf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)