Blessuere V.d. Heide falt ta

13 nov 2008 - 20:13

De blessuere dy't Cambuurspiler Sandor van der Heide woansdei oprûn yn de bekerwedstriid tsjin Sparta liket ta te fallen.Van der Heide hat tongersdei al wer licht meitraind mei de seleksje en hopet fit te wêzen foar de belangrike wedstriid fan sneon tsjin MVV.

Van der Heide foel tsjin Sparta út nei in swiere oertreding fan Spartaspiler Strootman. Nei de wedstriid like it net sa bêst mei it rjochterankel fan de Cambuur middenfjilder

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)