Nije oplieding Friese Poort

13 nov 2008 - 16:51

De Friese Poort yn Drachten moat it grutste ekspertisesintrum fan it Noarden wurde op it mêd fan technyk. Dat is tongersdei sein by de offisjele start fan de oplieding fynmeganika. Om't bedriuwen driuwend ferlet ha fan fakminsken, krije 36 learlingen in spesjale oplieding.

Foarich jier is Philips Drachten ophâlden mei de oplieding fynmeganika. De Friese Poort hat dalik sein dat se de oplieding oernimme wolle. Der is grut ferlet fan jonge technisy.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)