Skatebaan foar Surhústerfean

13 nov 2008 - 14:40
Foto: Omrop Fryslân

Surhústerfean krijt ynkoarten in nije skatebaan. Dat hawwe boargemaster en wethâlders fan de gemeente Achtkarspelen besletten. De baan sil oanlein wurde by it sportkompleks Vierhuisterweg. Dat is it sportgebiet fan Surhústerfean.

De skatebaan krijt ferskate tastellen en kostet 10.000 euro. Foar de oanlis hat de gemeente goed 25.000 euro útlutsen.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)