Drachten moat geselliger

© Omrop Fryslân
De gemeente Smellingerlân lit ûndersykje hoe't it sintrum fan Drachten geselliger makke wurde kin. Foar it ûndersyk wurdt 25.000 euro útlutsen.
Doel fan it ûndersyk is ek om te sjen hoe't de regiofunksje dy't it Drachtster sintrum hat noch fierder fergrutte wurde kin. Dêrneist wurdt ûndersocht hoe't de belutsenheid tusken de winkeliers, hoareka en spesjaalsaken yn it sintrum ferbettere wurde kin.