Ferwûnen by twa ûngelokken

Helpferlieners by Harns
In 25-jierrige bestjoerster út Grins is tongersdei slim ferwúne rekke by in ûngelok op de A31 by Mullum. De frou botste frontaal op in bestelbus en rekke beknipe. Mei de traumahelikopter is se oerbrocht nei it UMCG yn Grins. De man fan de bestelbus skeelde neat.
Op 'e hichte fan de Griene Stjer by Ljouwert ferlear in 45-jierrige frou út Dronryp de macht oer it stjoer. Har auto sloech oer de kop. De frou koe sels de auto út komme. Har tastân is stabyl.