Oerfal coffeeshop Ljouwert

13 nov 2008 - 10:34

Trije manlju hawwe woansdei in coffeeshop oan it Herenwaltje yn Ljouwert oerfallen. Sawat kertier foar tolven kamen de fertochten de saak yn. Ien fan har hie in fjoerwapen yn 'e hân en bedrige dêrmei de eksploitant en de besikers. De manlju fregen jild.

De klanten moasten de bûsen leech meitsje en de ynhâld op tafel lizze. Neidat dúdlik wie dat der gjin jild yn de coffeeshop wie, waard wat guod meinaam fan de besikers. Dêrnei naaiden de manlju út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)