Frou út Warkum fermist

13 nov 2008 - 10:12

De plysje is op syk nei de 32-jierrige José Frauenknecht út Warkum. Dy wurdt sûnt freedtejûn fermist. Se ferliet doe om 20.30 oere har hûs oan de Merk yn Warkum. Dêrnei hat se nei alle gedachten de trein naam rjochting Ljouwert en doe rjochting Swolle.

Wêr't se dêrnei bleaun is wit de plysje net. Omdat de frou wierskynlik oerspand is, makket de famylje him earnstich soargen. Ek omdat se medisinen brûkt. De plysje wol graach kontakt mei minsken dy't mear witte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)