Museum siket spultsjes

© Omrop Fryslân
Museum it Admiraliteitshûs yn Dokkum siket spultsjes. Yn it museum is fan 20 desimber ôf de útstalling 'It's all in the game" te besjen mei spullen en spultsjes as guozzeboerd en bikkels.
Der is noch romte oer foar âlde- en nije spultsjes dy't partikulieren útliene wolle. Ek spultsjes dy't minsken sels betocht en makke hawwe binne wolkom.
De útstalling 'It's all in the game' duorret oant maaie takom jier.