'Meitsje Nes autofrij'
It Amelân hat plannen om Nes autofrij te meitsjen. It plan is om sa min mooglik auto's, taksys, frachtweinen en bussen troch it doarp ride te litten.
Dat jildt net foar bewenners en bedriuwen. Nije wike praat de gemeente mei de bewenners fan it eilân oer de foarnimmens.