Nije containers T'diel

© Omrop Fryslân
Bewenners fan Tytsjerkstradiel krije yn'e takomst twa containers. No hat else húshâlding ien bak mei twa fakken. Dizze bakken binne oan ferfanging ta, lyk as twa jiskeweinen.
De gemeente fynt dit in goed momint om foar in oar systeem te kiezen. Want der is in kâns dat it systeem mei ien bak yn 'e takomst hielendal ferdwine moat. Yn 2010 krije alle ynwenners fan de gemeente twa bakken. Ien foar it griene ôffal en ien foar it rêst ôffal.