Hearrenfean fierder yn beker

© Omrop Fryslân
Sportklub Hearrenfean is in ronde fierder yn it nasjonale bekertoernoai. De amateurs fan Haaglandia waarden mei 7-0 oan kant setten. By it skoft wie de stân al 5-0 troch goals fan Christian Grindheim, Bonaventure Kalou en Danijel Pranjic, dy't trije kear skoarde.
Yn de twadde helte makken Tarik Elyounoussi en Goran Popov der 7-0 fan. Gerald Sibon miste ek noch in strafskop. Tsjinfaller wie it útfallen fan Kalou mei in hamstringblessuere.