Súdlike rûnwei Snits ôfsletten

12 nov 2008 - 15:05

De hiele súdlike rûnwei fan Snits wurdt it lêste wykein fan novimber ôfsletten as de houten brêge oer de A7 pleatst wurdt. Sneons fan 6 oere ôf is de rûnwei ticht tusken De Hemmen en de ôfslach nei De Jouwer, sneins oan de ein fan de dei giet de dyk wer iepen.

De kommende dagen wurdt de houten brêge by de Geau yn inoar set. It gefaarte wurdt yn syn gehiel nei it nije plak tusken Snits en de wyk Dúnterpen brocht. Dy rit duorret nei alle gedachten twa oeren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)