Gat begrutting plysje te grut

12 nov 2008 - 14:12

Plysje Fryslân komt ûnder finansjeel tafersjoch te stean fan de minister as dy net mei in slutende begrutting komme. Dat seit in wurdfierder fan it ministearje. Woansdei waard bekend dat de plysje in gat yn de begrutting fan 2009 hat fan 3,5 miljoen euro. In jier letter is dat gat 5 miljoen euro.

It regionaal kollege fan de plysje hat woansdei de begrutting foar it kommende jier ôfkard. Dêrmei wolle se Den Haach dúdlik meitsje dat de problemen yn Fryslân grut binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)