Priis Bildtse Aardappelweken

Dûnsjende trekkers by Swarte Haan
De Bildtse Kultuerpriis fan 2008 is takend oan de Stichting De Bildtse Aardappelweken. Se krije de priis foar har ynset yn it Nasjonale Jier fan de jirpel, dy't ynsteld wie troch de Feriene Naasjes.
De stichting wie fan 2006 ôf dwaande om oandacht te freegjen foar de jirpel, it saneamde Bildtse Goud. Der is ûnder oare in trijetalige nijsbrief makke en in wedstriid jirpelskilen organisearre.