Dúdlikheid frege oer Súdlannen

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert moat binnen in wike iepening fan saken jaan oer de ûntwikkeling fan detailhannel yn de nije wyk Súdlannen.
Undernimmersferiening Leon docht in 'bysûnder klemmend berop' op it gemeentebestjoer einlik útslútsel te jaan oer wat der al en net mei op it nije bedriuweterrein. De ûndernimmers foarsjogge dat de grutte winkelbedriuwen as Hornbach en Famila de ferhâldings yn de binnenstêd folslein fersteure sille.