Dakar-team Wolvegea útinoar

12 nov 2008 - 12:01

It Dakar team Holland út Wolvegea giet útinoar. De oprjochters Marcel_Schoo en Henk_Booij hawwe spul mei-inoar en sille no apart fierder. Earder waard al bekend dat Henk_Booij fierder soe mei in rally-auto en Marcel_Schoo mei in truck. Schoo fynt lykwols dat Booij efter syn rêch om ûnderhannele hat.

Schoo giet no fierder mei it Dakar Team Holland en Booij sil fierder mei in nij team. Se sille alle twa yn jannewaris meidwaan oan de Dakar Rally yn Argentynje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)