Skylge tsjin sluting CWI

12 nov 2008 - 11:40

Skylge makket him soargen oer de sluting fan it CWI-kantoar yn Frjentsjer. De gemeenteried hat tiisdei in moasje fan de PvdA oannommen om tsjin de sluting te protestearjen by it Sintrum foar Wurk en Ynkommen.

Sluting fan it kantoar yn Frjentsjer soe foar de eilanners betstjutte dat se nei it kantoar yn Ljouwert moatte. Se reizgje dan mear as oardel oere en dat is foar de ried fan Skylge ûnakseptabel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)