Jonge troch kraan oerriden

12 nov 2008 - 10:22
Foto: Omrop Fryslân

In jonge fan 13 út Follegea is tiisdeitemoarn troch in kraan oerriden. Op de Strjitwei yn Follegea ried de kraan achterút omdat der parkearde auto's yn it paad stiene.

By it achterút riden seach de 17-jierrige bestjoerder fan de mobile kraan it slachtoffer op de fyts oer de holle. De jonge is mei de sikeauto nei de Tjongerskâns op It Hearrenfean brocht.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)