Sint Maarten rekord yn S'fean

11 nov 2008 - 23:16

Sint Maarten komt miskien wol yn it Guinness Book of Rekords. Net mei in rekord tal bern dat by de doarren lâns gie, mar mei it meielkoar sjongen. Yn Surhústerfean waard tiisdei besocht in rekord del te setten om mei in grutte groep bern tagelyk in Sint Maarten ferske te sjongen.

De aksje wie in inisjatyf fan in supermerk yn it doarp. In lytse tûzen bern songen mei-elkoar it liet '11-novimber is de dag'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)