Ekstra jild nei strjitfestival

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert wol 100 tûzen euro ekstra beskikber stelle foar it Frysk strjitfestival, dat dêrmei útgroeie moat ta it Oerol fan Ljouwert.
It festival kostet yn totaal 1,2 miljoen en de gemeente betellet dêr 225.000 fan. It oare jild komt fan de provinsje, út opbringsten fan hoareka en sponsoring. Der is ek in heal miljoen oan Europeeske subsydzjes oanfrege, mar dêr moat de SNN noch oer beslute.