Provinsje snijt yn begrutting

© Omrop Fryslân
De provinsje kin takom jier 10 miljoen minder útjaan as dat se yn de begrutting foar 2009 setten hawwe. It kolleezje fan Deputearre Steaten hat dat tiisdei oan Provinsjale Steaten witte litten.
De opposysjepartijen binne dêr tige min oer te sprekken omdat woansdei de begruttingsbehanneling yn de steaten is. Se fine it ûntfatsoenlik om ien dei fan te foaren noch mei sa'n yngripende wiziging te kommen.