Gaasterlân bliuwt by stânpunt

11 nov 2008 - 18:58

Boargemaster Hoornstra fan Gaasterlân-Sleat hat tiisdei op it provinsjehús praten oer de útspraken fan deputearre Galema. Dy fynt dat Gaasterlân-Sleat in histoaryske flater makket at it net oanslút by de nije grutte gemeente yn de Súdwesthoeke fan Fryslân. De gemeente wol leaver oanslute by Skarsterlân en Lemsterlân.

Yn it petear is ôfpraat dat se elkoar tenei rjochtstreeks benaderje sille as der wat is en gjin útspraken fia de parse dwaan sille.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)