Dief oppakt mei help burgernet

© Omrop Fryslân
Burgernet hat tiisdei in earste súkses opsmiten. It gearwurkingsferbân tusken boargers, gemeente en plysje is moandei begûn en hie tiisdei as resultaat dat in dief yn Ljouwert oanhâlden wurde koe.
In tsjûge seach dat in man yn 'e Helmersstrjitte in rút ynsloech. Hy belle 112 en joech it sinjalemint troch. 276 minsken dy't by Burgernet oansletten binne waarden frege nei de man út te sjen. It gefolch wie dat de man letter op 'e dei oanhâlden waard.