Plan foar Fryske kanongame

11 nov 2008 - 16:00

Der binne plannen om in 'Age of empire'-eftich spul te ûntwikkeljen, basearre op de Fryske skiednis. De Fryske kanonkommisje soe soks graach dwaan wolle yn gearwurking mei de oplieding CMDesign fan 'e NHL.

It game-plan waard tiisdei bekend makke by de presintaasje fan de Fryske kanon by Tresoar. Rinse Boersma pleite foar in dramasearje oer de Fryske skiednis mei bern yn de haadrol. Bert Looper fan Tresoar pleitte foar in Fryske kanon-rûte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)