Nij gebou op iisbaan Snits

© Omrop Fryslân
Yn Snits wurdt freed it nije gebou op de iisbaan iepene. De bou dêrfan is mooglik makke troch de neilittenskip fan de bekende Snitser Dicky van der Werf.
Dy hat by testamint bepaald dat it jild, dat er neiliet oan de ynwenners fan Snits, foar in part brûkt wurde moast om de iisbaan op te knappen. De opknapbeurt hat 350.000 euro koste. It grutste part fan dat jild komt út de neilittenskip fan Van der Werf.