Asyl ferbout mei jild erfenis

© Omrop Fryslân
Bisteopfang De Wissel yn Ljouwert is út ein set mei in grutte ferbouwing. Der komme nije hûnehokken yn it asyl. De sloop fan 'e âlde hokken is moandei begûn.
Yn 2000 binne de katteferbliuwen al oanpakt, mar der wie net genôch jild foar it hûneferbliuw. No sil dêr nei acht jier ek wat oan dien wurde, omdat it asyl yn 2004 in grutte erfenis krigen hat fan sawat in miljoen euro. Nei alle gedachten wurdt it nije gebou op 1 maaie oplevere.