Kongressen yn riedseal

© Omrop Fryslân
De nije riedseal fan Achtkarspelen wurdt ek brûkt foar kongressen en sympoasia. Dat docht bliken út in list fan easken dêr't it nije gemeentehûs oan foldwaan moat.
Om de bou mooglik te meitsjen komt der oan 'e foarkant fan it besteande gebou in nij stik by. Dêrtroch ferdwine parkearplakken, mar oan 'e oare kant fan it spoar komt der nije parkearromte by. Dêr moat noch wol oer praat wurde mei Prorail.