Roy Beerens yn Nederlân B

11 nov 2008 - 11:51

Roy Beerens is troch bûnskoach Johan Neeskens oproppen foar de seleksje fan it Nederlânsk B alvetal. De oanfaller fan de Sportclub Hearrenfean is ien fan de 26 spilers.

Nederlân B, it skaadteam fan it grutte Oranje, spilet op 19 novimber yn Waalwyk tsjin jong Sweden. Omdat Jong Oranje útskeakele is foar it Europeesk kampioenskip fan 2009 hat it KNVB Nederlân B yn it libben roppen. Sa kinne jonge spilers mei in protte talint dochs noch ynterlâns spylje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)