Bewenners Kingmastate socht

11 nov 2008 - 11:00

De Stichting Herstel Kingmastate is op syk nei minsken dy't yn Sweins wenje wolle op in noch te bouwen bûten. De famylje Kingma is al jierren dwaande om Kingmastate yn eare te herstellen. Dêrfoar is acht hektare grûn kocht.

Kingma State waard om 1500 hinne boud en mids 19e ieu ôfbrutsen. De stifting wol in grut hûs bouwe litte mei de útstrieling fan in echt bûten. Omdat dat aardich wat jild kostje sil, is de doelgroep 45-plussers mei aardich wat jild.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)