Minder klachten oer fleanbasis

Der binne ferline jier folle minder klachten oer lûdsoerlêst fan de fleanbasis Ljouwert kaam as it jier dêrfoar. Dat makket it ministearje fan Definsje bekend. Dat hat in tal oarsaken. Sa wiene der gjin iepen dagen en wiene der ek minder oefenings.
In lyts groepke is ferantwurdlik foar in grut part fan 'e klachten. De top fiif fan minsken dy't it faakst fan him hearre liet, tsjinne ferline jier in fjirde part fan 'e klachten yn.