Fryske films op festival Husum

De Baskyske film Kutsidazu bidea, Ixabel
Op it Twadde European Minority Film Festival yn it Noardfryske Husum wurde dizze wike twa Fryske films toand. It giet om De Swarte Ingel fan Steven de Jong en om De Ein fan 'e Wrâld fan Mirjam de With. De Swarte Ingel wurdt troch de organisaasje omskreaun as 'in ferrassende Fryske Tatort'.
Foar de award giet De Swarte Ingel de kompetysje oan mei films út Baskelân, Wales, Skotlân en Italië. De ein fan 'e wrâld wurdt as 'ekstra' toand en docht net mei oan de kompetysje.