WK keatsers net yn finale

10 nov 2008 - 23:13

De Fryske keatsers dy't as Nederlân meidogge oan it WK keatsen yn Ekwador binne der net yn slagge om de finale te heljen fan it Europeeske spul. De doelstelling fan bûnskoach Pieter Tienstra, op alle fjouwer ûnderdielen de finale helje, is sadwaande mislearre.

De earste wedstriid waard noch wol wûn. Perû waard mei 6-1 ferslein. België wie dêrnei mei 6-3 te sterk. De Belgen wûnen ek maklik fan Perû (6-1) en hellen sa de finale.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)