Wer ferlies jong Hearrenfean

10 nov 2008 - 21:32

Jong Hearrenfean hat moandeitejûn de útwedstriid tsjin jong Willem II mei 2-0 ferlern. It wie al wer it fiifde ferlies foar de ploech fan trainer Hans de Jong. Angelo Martha sette de thúsploech yn de tsiende minút op foarsprong.

Yn de twadde helte in sterker jong Hearrenfean. De jacht op de fertsjinne lykmakker slagge net. Niels Vorthoren makke yn de 71ste minút de beslissende 2-0. Jong Hearrenfean is no alfde mei alve punten út tsien wedstriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)