CDA: 'oplossing Wergeasterdyk'

10 nov 2008 - 21:08

It CDA yn Boarnsterhim makket him soargen oer it ôfsluten fan de Wergeasterdyk by de oanlis fan de nije Palmabrêge yn Wergea yn it foarjier fan 2009. Dit net allinnich yn ferbân mei de ferkearsoerlêst foar Wergea en Warten, mar ek omdat inkele bedriuwen yn Wergea twa wike lang net te berikken binne.

De Wergeasterdyk is neffens it CDA de ienige oanfierrûte. It CDA pleitet foar in saneamde 'bypass' at der wurke wurdt oan de nije brêge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)