'Mear jild skiednisûnderwiis'

© Omrop Fryslân
Der moat mear tiid en jild stutsen wurde yn it Fryske skiednisûnderwiis, dat seit de Fryske Kanonkommisje. Yn opdracht fan de provinsje hat de kommisje in kanon opsteld dêr't oan de hân fan 41 minsken en foarfallen de Fryske skiednis behannele wurdt.
De kanon fan de Fryske skiednis wurdt moarn offisjeel presentearre. Neist in boek komt der ûnder oaren in webside en in tal skoaltelevyzjedokumintêres.