Wenkompleks Vreewijk klear

10 nov 2008 - 15:00

It nije appartemintekompleks Vreewijk yn de Drachtster wyk De Folgeren is klear. Freed wurdt it offisjeel iepene. Op it terrein fan it eardere Hotel Vreewijk binne 34 lúkse wenten boud mei in parkeargaraazje foar bewenners ûnder it gebou.

It kompleks hat deselde kontoeren as it Vreewijk doe't it noch in adellike wente mei in soad grûn wie. De oarspronklike Roodbaardtún is ek opnij oanlein. In grut part fan de wenten is al ferkocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)