Grutte oarder foar VDL Berkhof

10 nov 2008 - 11:20
Foto: Omrop Fryslân

Bussebouwer VDL Berkhof hat in oarder foar 518 bussen krigen út Dubai wei. It bedriuw hat fêstigings op It_Hearrenfean, yn Eindhoven en yn Valkenswaard.

It giet om in oarder fan 150 miljoen euro. Direkteur Wim van der Leegte neamt de oarder in geweldige opstekker no't it sa min giet mei de ekonomy. It wurk wurdt ferdield oer alle trije fêstigings fan VDL Berkhof.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)