Utwreiding Fryske korpslieding

© Omrop Fryslân
De korpslieding fan Fryslân wurdt de kommende twa jier útwreide. Neist korpssjef Magda_Berndsen en plakferfangend korpssjef Martin Sitalsing krijt Max Daniel in funksje yn 'e top fan de Fryske plysje.
Daniel is no manager fan it lanlike projekt 'Georganiseerde Hennepteelt'. Mei dat wurk giet er foar de helte troch. Foar de oare helte sil Daniel him yn it Fryske korps dwaande hâlde mei de ynnovaasje fan it plysjefak.